HomeAgendaNieuwsDownloadsFoto albumContact
Home Nieuws Laatste nieuws Jierferslach 2010
Jierferslach 2010 Afdrukken E-mail
vrijdag, 25 februari 2011 16:04

Jierferslach 2010

In rêstige nijjierswiksel, sa belibje wy de yngong fan it nije jier 2010

Doarpsbelang hat wer  in nijjiersmoeting organisearre by Rinskje Wester yn de Brassery. It is wer tige gesellich.

It is dik winter yn Earnewâld en der kin riden wurde op it Wiid. Der wurdt in tocht troch de iisklup organisearre op de Jan Durkspolder mei in hiel leger frijwilligers en fansels mei tank oan de wrotmûs hellet Earnewâld wer alle kranten en televyzje.

Krystbeammen wurde ynsammele op it parkearterrein en foar eltse beam dy’t ynlevere wurdt, jout Hylkje út namme fan Doarpsbelang in bedrach. De gemeente stipet dizze ynsamling. 

De bern fan skoalle hawwe in reedriderswedstryd, de koarte baan, op de ringfeart.

Op 8 jannewaris bestiet Doarpsbelang 100 jier. Dat fiere wy mei in feest! De organisaasje fan dit feest hat it ôfrûne jier alle kearen op de wurklist stien.

Inke Mulder hat in moaie film makke.

In film fan Master Franke út de jierren 50 is bewurke mei hjoeddeiske bylden.

Alde dia’s fan Master Franke binne digitaal te besjen middels in beamer.

Teater mei in ferhaal oer de âlde histoarje. Gjalt de Jong  nimt ús mei nei in fier ferline.

In ferslach út de notulen fan 100 jier Doarpsbelang Earnewâld .Wy eidzje de  ôfrûne ieu fan it bestean fan Doarpsbelang nochris oer. Och heden, wy komme ta de konklúzje dat der neat gjin nijs ûnder de sinne is. Yn al dy hûndert jier giet it noch hieltyd oer it kanaal nei Drachten, hûzebou en oer de Alde Feanen. 

Op 17 jannewaris wurdt de fakkeloptocht organisearre op it iis fan it Wiid.

In prachtich unyk barren, mar allinne it waar sit net mei. It sil waarm wetter reine. Izel en glêde diken wurde foarsein. It falt gelokkich ta mar in protte misken doarre de reis net oan. Wol stiet der in moaie foto yn de krante.  

De filmjûn; Inke hat wer in moaie film makke fan it jier 2009. Takom jier hat er dat tsien jier dien.  It is ek dit jier wer in weardefol oantinken foar letter. Mei syn allen steane wy der wer moai op.  

AED dat is in defibrilater. In apparaat dy’t it hert wer op gong krije kin as dat moat. Libbens kinne hjirmei rêden wurde. Sa’n apperaat krije wy miskien  yn Earnewâld . De gemeente wol in part betelje, mar der binne frijwilligers dy’t hjirfoar oplieden wurde moatte en wa is berikber, wa betellet it djoere ûnderhâld en wêr moat sa’n ding hingje, Wa is ferantwurdlik? It binne allegearre fragen dy’t beandere wurde moatte. Doarpsbelang en de Stichting litte har hjir oer ynformearje op in gearkomste yn Burgum.  

Op 16 maart it Reiske, wa’t mei wol kin mei yn de bus fan Dirk Koomen Rondvaardij Princenhof nei Snits. It is tige gesellich  en nei in besite oan it  skipfeartmuseum en de Beerenburgwinkel en  kinne wy noch noflik winkelje. 

10 april Himmeldei. Op de lêste jiergearkomste fan Doarpsbelang krige it bestjoer it fersyk om in himmeldei te oarganisearjen. Alderhande ark leit op dizze dei klear om sûnder te bûgen de rotsoai op te rêden. De opkomst fan frijwilligers lit wol wat te winskjen oer. In hantsjefol frijwilligers en bern hawwe sekken fol rotsoai oprêden yn en om ús doarp. Fansels kin elk hjir oan meidwaan op in oare datum. Der binne genôch minsken dy’t te kuierjen binne en allerhande rotsoai meinimme ûnderweis nei hûs. Takom jier organisearje wy wer in himmelmoarn en dogge wy ek in berop op jimme om mei te dwaan op de himmelmoarn. 

Op 30 april wurdt Hanneke Postma ús nije Feankeninginne. Tagelyk nimt Inke Mulder ôfskied as havenmaster yn ús doarp.Twa persoanen nimme syn wurk oer, Bea Westerdijk en Evert Castelein soargje der tenei foar dat it hjir allegear goed ferrinne sil. 

Doarpsfeest ien kear yn de fiif jier, mei fersierde weinen, teater, kroegentocht . It wie wer in hiele organisaasje. Mar it wie wol gesellich en goed slagge. 

11 maaie presintearje wy it Doarpsbelang en ús doarp  yn it gemeentehûs oan de nije gemeenteriedsleden. Wy kinne mei-inoar yn de kunde kommen.

Earnewâld promoasje is mei in protte frijwilligers de hiele simmer wer yn it spier om alderhanne aktiviteiten te organisearjen foar eigen ynwenners en foar de simmergasten yn ús doarp.Der wurdt fanalles organisearre om de simmergast te fermeitsjen en it wurdt tige wurdearre troch de besikers en Earnewâldsters. De bradery is it hichtepunt midden yn de simmer en it is echt braderywaar. De kreamen steane fan Hindriks Jantsje oant it hotel ta twa rigen dik. It is smoar drok en elk docht mar raak hannel. Takom jier mar wer. 

De rekreaasjefisy wurdt hieltyd konkreter en is safier klear om sjen te litten oan de ynwenners fan Earnewâld. De seal sit wer fol by Jan en Fokje en der is útlis fan de wurkgroepleden mei Els van der Laan fan buro Noordpeil dy’t hjir oer gear west hawwe. It nije wetterfront, en de ferbining tusken it doarp en de rekreaasje oan de oare kant fan it Wiid is wichtich. Boppedat biedt  it deirekreaasje terrein ek nije mooglikheden foar lytse bedriuwen dy’t mei wettersport of rekreaasje te krijen hawwe. In Masterplan foar Earnewâld, de provinsje betellet mei mar it moat wol wurkgelegenheid opsmite en ús doarpke moat de toerist wat biede kinne. Earnewâld moat oantrekliker wurde om der oan te stekken en oan te lizzen. Elk kin reagearje op de fisy d.w.s. in sjenswize ynleverje en dizze ideeën of oanfollings wurde safolle mooglik meinaam en der wurdt harke nei de ynwenners, de plannen wurde oanpast. It moat ommers breed droegen wurde troch de Earnewâldsters.

Der is wer hiel wat skreaun praat en fergadere, oant ferfelends ta. It giet ús allegear oan. De wurkgroep hat de definitive rekreaasjefisy oanbean oan de gemeente. De gemeente sil hjir fierder mei de útfiering oan de slach.  

It wurk fan de wurkgroep wurdt spitigernôch wat de VVV haven oangiet wer hielendal oerdien troch de gemeente. Nei oerlis mei omwenjenden komt der in folsleine oare haven op papier dy’t ek net eltsenien nei it sin is. De wurkgroep hat der in jier oan wurke en fielt har net serieus naam. De fiskershaven fan Doarpsbelang makket ek diel út fan dit wetterfrontplan. De haven is eartiids boud foar en troch Earnewâldsters dy’t mei harren boatsjes en wurkskippen dan net hieltyd troch de slûs hoegden. It bestjoer fynt dat wy gjin lisplakjes ynleverje moatte by de nije haven. Wy leverje ús finansjele reserves yn en de haven fan Doarpbelang wurdt dan meinaam yn it wetterfront en wurdt hielendal fernijd. Yn 2010 kin it net mear realisearre wurde mar yn 2011 nei de simmer sil it allegear heve mei it nije wetterfront. De gemeente docht har bêst om de finansjes foar dit masterplan by inoar te sykjen. Op 17 desimber hat de provinsje it ôfhammere. De saak is finansjeel rûn. 

 De gemeente Boarnsterhim kin net mear selsstannich bestean en wurdt opdûkt en wurdt ferdield oer oare gemeenten. Mooglik kinne de Alde Feanen wer werom nei Tytsjerksteradiel?  Op de ledegearkomsten kaam dizze fraach de ôfrûne jierren nei foaren. It bestjoer hat har hjir foar ynset. Wy skriuwe stikken yn de krante, wy wurde ynterviewd op de radio, wy komme op televyzje. Wy besykje de gearkomsten dy’t hjirmei te krijen hawwe, wy brûke allegear en  oeral ús netwurken en gelokkich de folsleine gemeenteried en it kolleezje fan B enW is it mei ús iens. Mei  inoar sille wy de skouders derûnder sette, wa wit komme de Alde Feanen wer werom by Earnewâld by de gemeente Tytsjerksteradiel.

Op 7 augustus is it kolleezje fan Boarnsterhim derút en jout advys oan de gemeenteried om it letter sa te besluten: Wat de Alde Feanen oanbelanget, dy moatte werom nei Earnewâld. Us foarsitter Hindrik bellet de boargemaster en hy wol mei in taart nei it kolleezje, flagge op’e toer... Yn Burgum is de boargemaster wat minder entûsjast en seit dat wy der noch net binne. In skoft letter draait it kolleezje fan B enW fan Boarnsterhim 180 graden en fynt it dochs better dat de Alde Feanen by Ljouwert komme omdat Warten net sûnder de Alde Feanen nei Ljouwert wol. In enkête yn Warten wiist út dat 65% fan de ynwenners nei Tytsjerksteradiel wol ynklusyf de Alde Feanen.De gemeenteried fan Boarnsterhim is oan set en beslút ein novimber dat Warten nei Ljouwert sil.... mei de Alde Feanen. Dit is no net it ein fan it ferhaal. De Provinsje moat der fierder oergear en tinkt miskien oars as de gemeenteried fan Boarnsterhim. Dernei moat de Twadde Keamer en de Earste Keamer der ek noch oer te set. Wy hawwe betrouwen yn ús gemeente dat de striid fierder fiert op in heger nivo. De miening fan de Earnewâlders is bekend. Takom jier komme wy hjir fêst op werom....

Nei de gemeenterieferkiezings nimme wy ôfskied fan de wethâlders Maaike Prins en Bart Bakker. Wy hawwe koarte linen mei  it kolleezje fan B en W en spitich dat wy ôfskied nimme moatte fan dizze minsken. Hja hiene it altyd goed foar mei Earnewâld.  

Dan de farwei, it kanaal nei Drachten. Om de tsien jier komt dit ûnderwerp wer oan ‘e oarder. Der binne wer oare bestjoerders, boargemasters en deputearren. Tsien jier lyn wie it al dúdlik mei in deeglik rapport fan Arcadis: grutte skippen fan 110 m lang en 45m breed kinne sa net nei Drachten. Yn maart 2008. Mei in grut laden skip,  mei stil waar kin it “bêst” neffens de minsken dy’t der oer geane sa docht it bliken. Deputearre Adema kroant ús nije Feankeninginne en seit yn syn taspraak op 30 april dat er hjir ek wol ris farre wol om sels ris te belibjen wat it is. Hiel nuver, yn juny 2008 hawwe wy him al útnoege om ris mei ús yn in lyts boatsje as rekreant te farren. Mar de ôfspraak is makke. It komt allegear hiel moai út op 18 augustus: it waait dat it rikket, it is moai sinneskyn waar en der binne allerhanne lytse boatsjes op it wetter en de provinsje hat tagelyk in hiel grut skip klasse V de Fitariek regele dy’t tagelyk ek oer de farwei fart. Wy farre mei in pream fol minsken oer de farwei. Mei omrop Fryslân, amtners, deputearre, foarsitter oerlisorgaan, ús wethâlder en fansels wy as bestjoer en Cathrienus is de skipper. Wy komme fanút de Ulekrite en litte it libbensgefaarlike krúspunt sjen. Wy lizze efkes stil tsjinoer de helling fan Wieger en Sytske as it grutte skip fan Drachten nei de Krúswetters fart. It is skrikken foar Deputearre Adema, op twa meter ôfstân moat it grutte skip gas derby dwaan, kopskroef oan om koers te hâlden yn de Lange Sleat.....Dizze besite fan Dep. Adema hat der grif  mei foar soarge dat it bestjoer fan de  provinsje yn desimber 2010  it beslút nimt  dat hiele grutte skippen klasse V A tenei TABOE binne op de farwei. In moaie brief fan de kommissaris Jorritsma  ljochtet it beslút ta. Dizze bewarje wy goed. Mooglik komt it nochris fan pas. Wy kinne no wer rêstich sykhelje. Mar foar hoelang?? 

De doarpsfisy.  Wat is de fisy fan de Earnewâldsters oer it doarp de kommende tsien jier? De útkomsten fan de enkête wurde taljochten troch Luc Tuinstra fan Kearn op de ledegearkomste fan it ôfrûne jier. Hjirnei binne de saneamde tafelpetearen hâlden mei de minsken dy’t har hjir foar opjûn hiene. Dizze mieningen wurde ek meinaam yn de doarpsfisy. De fisy sil noch wat ferfraaid wurde mei wat moaie foto’s fan Tjamme Tilstra en dan biede wy it oan de nije Boargemaster. Alle jierren sille wy der op ta sjen dat dit dizze fisy brûkt wurdt en by de gemeente oan de oarder komt. Alle jierren sil dit op de wurklist komme by de ledegearkomste en sa nedich oanpast wurde. 

WWW.us-earnewald.nl is de side fan Doarpsbelang

Wy sille dêr op sette as der nijs is. Op dizze wize hoege wy net alle kearen mear mei briefkes by de streek. Al dat papier én it wurk kinne wy ús besparje. Wa’t gjin ynternet hat, kriget it allegear gewoan yn de bus. De Luzefeier bliuwt ek ús medium.

Anje Bergsma wurdt wer kampioen mêstklimmen yn Akkrum. StrjitFolleybal is wer organisearre wurden. Mei syn allen sporte en spultsjedwaan. Wa ‘t net meidwaan kin of wol kin it fan de kant ôf moai besjen.  

Yn de beide tsjerken hawwe wy in foargonger krige dit jier. Ds Rienk Klooster is befestige yn de herfoarme tsjerke en Mefr. Elly Stellingwerf is pastoraalwurker en wennet yn de pastory oan de Wiidswei.  

Wentebou, yn 1994 is der foar it lêst in hûs boud yn ús doarp. Nei 2010 wurdt it mooglik , sa wie de belofte fan de gemeente yn 1994.  De gemeente tinkt der hjoeddei dôchs wat oars oer en wol allinne bouwe yn de grutte kearnen. Yn de lytse doarpen dus net. De wenfisy fan de gemeente oer de kommende tiid hat alle doarpsbelangen yn ús gemeente wol ûnderwerpen foar it fergaderjen jûn. De lytse doarpen wolle net op slot komme as it giet om wentebou. It is de deastek foar de lytse doarpen fine wy. Mei syn allen as lytse doarpen hawwe wy deselde miening om ús foarsjennings sa as tsjerken, ferienings , skoalle en winkels te behâlden ,hawwe wy ferlet fan nije minsken yn ús doarp. De Doarrpsbelangen fan de lytse doarpen skriuwe  brieven en geane yn petear mei de polityk fan de gemeente. De polityk fynt dat der earst boud wurde moat op de lege plakken yn it doarp en dan pas mei it doarp útwreidzje. Yn it jier 2005 meie der 8 hûzen boud wurde op it eardere terrein fan Bruinsma mar it dat is ek noch net safier. Doarpsbelang Earnewâld giet nei  it gemeentehûs en litte ús ynformearje wat de lege plakken yn Earnewâld binne en de mooglikheden. It Mindertsfean trochlûke is gjin doarpsútwreiding mar wurdt ynbreiding neamd. Hoe’t it neamd wurdt  kin ús neat skele, mar wentebou, it wurdt sa earder realiteit neffens in amtner. Oft de minsken op it provinsjehûs ek sa tinke? Dat is ôfwachtsjen. Freegje ris oan de Earnewâldsters, wa wol der in hûs bouwe? Dat wol de gemeente witte. Der kin ommers net foar leechstân boud wurde. Wy hawwe 7 reaksjes binnen krige en mei namme en adressen. Dit hawwe wy troch jûn oan de gemeente. Doarpsbelang hat in moai plan betocht mei wetter tusken it Eilânsgrien en it Mindertsfean. It biedt ek mooglikheden foar wenskippen en betelbere wenten en frijsteande wennings. Wy hawwe in grutter terrein nedich dan dat de gemeente foarstelt. It wurdt ús wer dúdlik hoe it sit as der amtners komme om ús te ynformearjen oer it nije bestimmingsplan foar it bûtengebiet. Troch de begrinzing fan de Vogel- en Habitat richtlijn (dizze binne al fêststeld yn 1994) falt it gebiet dêr’t wy no krekt de hûzen bouwe wolle no ûnder de begrinzing fan Natura 2000 falle.  Natura 2000. It liket wol in wet fan Meden en Perzen en  it liket dat it ûnmooglik wurdt om in hoekje grûn by dy begrinzing wei te krijen. Foar it doarp Earnewâld is dat hoekje grûn no krekt it ferskil tusken in moai plan foar de doarpsútbreiding mei wetter tusken it Eilânsgrien en it Mindertsfean en mei mooglikheden foar wenskippen of sljochtwei it Mindertsfean trochlûke mei hûzen oan wjerskanten fan de dyk. Wy prate mei amtners en skriuwe wer brieven nei de gemeente yn Burgum. Wy moatte no ek wer oanhâlde as sto-rein dat is it advys fan de amtners. Hjir komme wy ek wol wer op werom in oare kear. 

It gebiet oan de Noardkant fan Earnewâld fynt de nije lânynrjochting plak. Lânynrjochting Alde Feanen. It plan oer de ferbettering fan it wetterbehear, de natuerwaarden en mooglikheden foar rekreaasje. Der wurdt in wettersysteem mei in konstant  heeg wetterpeil realissearre. De wetterkwaliteit sil troch de maatregels ferbettere wurde. De besteande kuierpaden wurde ferbettere en de farrûtes foar de lytse rekreaasje wurde útwreide. Wy sjogge grutte kranen en wurkmaterieel oan it wurk. It moat syn tiid hawwe.  

It kolleezje fan B enW hat yn desimber 2009 by ús west. Wy hawwe harren foto’s sjen litten fan de minne diken om Earnewâld hinne. De froast hat de diken ek gjin goed dien. De stiennen spatte omheech as jo oer de Wiidswei ride, djippe kûlen yn de âld dyk nei Earnewâld, de Ds. Van Veenwei en de Earnewarre. De djippe kûlen njonken de dyk op it nije krúspunt. Dit krúspunt is net minder gefaarlik wurden en is betiden sjippeglêd. Der hawwe al ferskeidene auto’s op de stiennen sitten mei as gefolch grutte skea. Wy belje mei de gemeente, der wurde warskôgingsbuorden delset op de âld dyk nei Earnewâld, de kûlen komme ticht en de Wiidswei wurdt earst oplape. As it nije Wetterfront klear is, en de tredde module fan de werynrjochting fan de Alde Feanen sis mar ten Noarden fan Earnewâld wurde de diken ophege en fernijd. 

Dokter Amelink nimt ôfskied. Doarpsbelang hat him de hân jûn en him betanke foar alles wat er foar ús yn Earnewâld en ús simmergasten betsjutten hat. Plannen om in ynsamling foar kado foar him te hâlden dogge wy net. Dokter hat net alle Earnewâldsters as kliïnt en elk dy’t dat wol kin dat persoanlik dwaan. 

Age Veltboom mei syn skûtsje en bemanning wint de strontrace. 

De brêge tusken it bungalow park en de koaidyk is in probleem. Rjochtsaken binne der om tusken de gemeente en eigners fan de hûskes fan it park. Foar de gemeente wie der achterstallich ûnderhâld oan de brêge. De eigners sille der no in nije beweechbere brêge delsette en de gemeente sil € 51.500,= betelje en is fierder oeral ôf. Foarmet de brêge aansen gjin obstakel foar de nije plannen foar de deirekreaasje fan de rekreaasje fisy? De Gemeenteried beslút oer de bydrage fan de brêge en de rekreaasjefisy en der komt in ôffurdiging fan de ried nei Earnewâld. Nico Tilstra fan de Stichting praat de riedsleden hielendal by oer wat hjir allegear spilet mei de stichting, it rekreaasjefisy de plannen fan it wetterfront.  

It kafee Jagershûs is wer ticht en kafee Vischlust is gelokkich wer iepen. 

De winter batst der betiid yn dit jier, Sinteklaas komt net mei  it skûtsje oan yn it doarp. Dat no krekt Sinteklaas it skyltsje iis brekt op it Wiid, dat wol er net op syn gewisse ha. It makket de bern neat út as der mar in pakje is. En dat wie wol wer it gefal.  

De iisklup kriget in moaie oanmoedigingspriis fan de bond. Twa kear yn it jier in iistoertocht oarganisearje it bart net sa faak. It barde dit jier al op de Jan Durkspolder. Yn de LC krante stiet: Earnewâld flikt het weer.  

Us boargemaster nimt ôfskie fan Tytsjerksteradiel en it bart yn Earnewâld. Wy jouwe him de hân en betankje him foar  de gearwurking de ôfrûne tiid en wy winskje him en syn frou foar de takomst it aller bêste ta.  

Wer wurdt dit jier foar de twadde kear  in fakkeloptocht op it iis organisearre.  Spitich dat der net mear minsken dizze moaie tocht riden hawwe.  It farferbod jildt no yn de hiele provinsje. Elk kin oer it soal de Alde Feanen yn.

Op tiisdei 28 desimber wurdt de maraton organisearre, de klassiker de 100 fan Earnewâld . Hast hiel Earnewâld yn tou en mei syn allen de skouders derûnder. It wie dik ynoarder.  

Wy hawwe yn it ôfrûne jier de nijsbrieven fan It Fryske Gea by jimme brocht. Wy wiene belutsen by de wurkgroep dy’t de rekreaasjefisy makke hat. Wy besykje de gearkomsten fan it oerlisorgaan fan de Alde Feanen, de BIM de VER. De gearkomsten fan de werynrjochting de Alde Feanen, de gearkomsten fan Natura 2000. Wy hawwe oerlis mei hûske-eigenaren fan it Bûteplak, Wy meitsje diel út fan de stichting SBRFE,  geane nei de gearkomsten fan de nije lânynrjochting de Alde Feanen, nei de gemeenteriedsgearkomsten as it om Earnewâld giet. Wy hiene it der mar drok mei it ôfrûne jier.  

De glêsbakken dy’t noch hieltyd ûnder de grûn soene, dêr hawwe wy it no noch net oer hân...it stiet yn de gloednije doarpsfisy en it sil no wol goed komme tinke wy. 

Krekt as mei de sto-rein .......mar oanhâlde!

 

Lamina Westerdijk, febrewaris 2011