HomeAgendaNieuwsDownloadsFoto albumContact
Home Nieuws Laatste nieuws De Alde Feanen werom nei Earnewâld!
De Alde Feanen werom nei Earnewâld! Afdrukken E-mail
maandag, 08 november 2010 16:19
De Alde Feanen werom nei Earnewâld!

Wat wiene wy bliid yn Earnewâld yn augustus doe't wy hearden dat de Alde Feanen tenei
wer by it doarp Earnewâld en by de gemeente Tytsjerksteradiel hearre soene!
De flagge koe om ús wol út op 'e toer!
In logysk beslút fan it kolleezje fan Boarnsterhim fûnen wy, omdat it doarp Earnewâld grinzet
oan de Alde Feanen.
It besikerssintrum fan Nasjonaal Park de Alde Feanen is festige yn it doarp Earnewâld.
De behearder fan it gebiet, It Fryske Gea is oriïntearre op Earnewâld.
Harren gebouwen, ark en reau, en de skippen lizze yn Earnewâld.
De minsken fan de simmerhûskes en wenskippen út dit gebiet binne oriïntearre op
Earnewâld en wolle graach by Tytsjerksteradiel hearre.
Boppedat is it gebiet yn 1983 mei de gemeentlike weryndieling net hielendal op in
demokratyske wize taskikt oan de gemeente Boarnsterhim.
It is no in moai momint om it allegear wer rjocht te setten en it werom te draaien.
Nei it beslút dat de Alde Feanen nei Tytsjerksteradiel ta soene, fûn Warten ek dat de
oansluting fan dat doarp by Tytsjerksteradiel dan logysk is, omdat de Wartensters de Alde
Feanen sjogge as har achtertún.
Boargemaster Crone fan Ljouwert brûkt dizze tinkwize no wer om de Alde Feanen by
Ljouwert te krijen. Hy rûkt de fette fleispotten fan it ryk al. Mar sûnder de 963 ynwenners fan
Warten komt Ljouwert ek wol oer de 100.000 ynwenners.
It kolleezje fan Boarnsterhim is it no yn ienen wer hielendal mei Ljouwert iens en binne wer
180 graden draaid. In nuvere gong fan saken.
Hielendal omdat Boargemaster Baas fûn dat nei it beslút yn augustus, net elk syn sin ha koe.
Wy hearre wolris lûden dy't sizze: "Wat hawwe jimme in drokte dêr yn Earnewâld, alles bliuwt
ommers gelyk, de Alde Feanen bliuwe lizzen dêr't se lizze!"
Gelokkich wol, want as dêr ek noch mei skood wurde koe....
It is foar Earnewâld foaral ek tige praktysk as de Alde Feanen wer by deselde gemeente
hearre as it doarp. It is de grutte burokrasy dêr't wy as doarp mei te krijen hawwe:
In pear foarbylden:
De wedstriidkommisje fan de stichting "It Earnewâldster skûtsje" moat foar it organisearjen
fan in SKS sylwedstriid yn twa gemeenten; Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim fergunnings
oanfreegje.
Yn de ôfrûne winter waard it ek wer dúdlik, doe't de iisklup "Lyts Bigjin" (ûnderskieden mei in
keninklik predikaat) in tocht troch de Alde Feanen organisearje woe.
Yn in lyts skoftke tiid moast it allegear wer goed regele wurde mei in grut leger frijwilligers.
Allinne it papierwurk foar in toertocht is al in hiel gedoch, it moat goed en oeral oan foldwaan
want as it net goed dien en regele is, kin ien fan de trije gemeenten it hiele feest in dei fan te
foaren noch ôfblaze.
Ja, der moatte yn trije gemeenten ferskillende fergunnings oanfrege wurde: in eveneminten
fergunning, in parkearfergunning yn: Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim.
Ferskillende iiswegensintrales moatte sels it iis besjen en goedkarre al friest it hynste-iis.
Tytsjerksteradiel kart it iis oan it soal ta en fierderop is it gebiet foar de iiswegensintrale
Idaerderadiel fan de gemeente Boarnsterhim.
As dizze iiswegensintrales harren goedkarring jouwe, is dat in swier weagjend advys oan in
gemeente foar it útjaan fan de fergunnings.
Mar.... dan binne wy der noch net, elke gemeente hat sa syn eigen noarmen foardat de
fergunning ek echt útjûn wurdt.
Men soe sizze, yn it ramt fan de Europeeske ienwurding sil dat allegear wol it selde wêze.
Nee, alle gemeenten hawwe oare noarmen as it giet om fergunnings, feilichheid op it iis en
EHBO. It soe in protte omballingen skele as dat tenei allinne yn Tytsjerksteradiel hoegde.
Der binne ynwenners fan ús doarp dy't wenje oan de oare kant fan de gemeentegrins, oan it
wetter it Siegersdjip dat earder by de gemeente Tytsjerksteradiel hearde.
Nei de weryndieling yn 1983 wenne de famylje op himelsbreed 15 meter nei, krekt yn
Warten, yn Boarnsterhim.
Dat jout oant hjoed de dei noch altyd in protte betizing mei de post en pakketten dy't net
besoarge wurde kinne omdat har adres yn Warten net te finen is..
Sa is it bard, dat bygelyks post fan it CJIB net oankomt.
It adres is neffens de gemeentlike basisadministraasje Princenhof 3 9003 XA Warten, mar it
wurdt net besoarge by de minsken op it adres hiel ticht by Earnewâld.
Nei trije oanmoannings dy't ferstjoerd binne mar de famylje net berikke, fynt de doarwaarder
harren wol en feroaret in lytse bekeuring fan in pear km yn in foars bedrach dat beslist wol
betelle wurde moat.
Om dizze ellinde fierder foar te kommen, is der troch dizze famylje in saneamde
"doorstuurservice" ynskeakele, kosten € 300,= per jier.
De post wurdt no fia Grou besoarge en komt sa yn Earnewâld.
Dan hawwe wy it noch net iens oer de omset foar it bedriuw dy't om dizze reden mist wurdt.
De famylje soe der tige mei holpen wêze as hja wer yn Earnewâld wenje koene.
Dat de Alde Feanen werom moatte nei Earnewâld is dus net allinne in gefoelsmjittige kwestje
foar de Earnewâldsters. It giet wol degelik earne om.
Bart it no yn 2010 aansen wer? Wurde de Alde Feanen ús foar de twadde kear ûntnaam?

Lamina Westerdijk-Dam
Doarpsbelang Earnewâld

Bijlagen:
Download dit bestand (LC-20091221-NO01004004 aldefeanenwerom by Earnewald(2).pdf)LC-20091221-NO01004004 aldefeanenwerom by Earnewald(2).pdf[Artikel Leeuwarden Courant]401 Kb